Famke mei falske ID-kaart: 370 euro boete

19 apr 2015 - 09:39
  • ID-kaart

In famke fan 17 jier út Ljouwert hat sneontenacht by it stappen in flinke boete krigen. Se besocht in hoarekagelegenheid yn te kommen mei in falske identiteitskaart. Fan de plysje krige se in boete fan 370 euro.

De ID-kaart is yn beslach naam. De âlden fan it famke binne ynljochte oer it foarfal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)