SC Hearrenfean rom ferslein troch kampioen PSV

18 apr 2015 - 22:27
  • Maher springt oer Nordfeldt
  • Duel Luciano Narsingh
  • Kopduel by doel SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean is der sneontejûn net yn slagge it kampioensfeest fan PSV mei in wike út te stellen. Yn Eindhoven waard it 4-1 foar PSV en dêrmei wie de 22e lânstitel in feit. Luuk de Jong koe yn de tredde minút frij ynkoppe en Memphis Depay makke healwei de earste helte út in frije traap hiel moai de 2-0. Joey van den Berg brocht wer spanning yn de wedstriid, mar Luuk de Jong sette de 3-1 stân by it skoft op it boerd. Larsson en Slagveer hiene yn de twadde helte skoare kinnen, mar allinne Luciano Narsingh die dat foar kampioen PSV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)