Besunigings min foar Fryslân

01 mrt 2012 - 12:53
  • jild

Fryslân wurdt ekstra hurd troffen as der takom jier ècht 16 miljard euro besunige wurde moat. De ekonomy is hjir al swakker en de wurkgelegenheid is kwetsber. Dat binne de Fryske reaksjes op de CPB-sifers dy't tongersdei bekend makke binne. Dêrút docht bliken dat it tekoart takom jier 4,5% is, 1,5% heger as neffens de Europeeske regels tastien is.

Distriktshaad Piet Fortuin fan it fakbûn CNV neamt it ûnferantwurde om no strang fêst te hâlden oan de begruttingsregels.

De ekstreme besunigings soene de ekonomy yn in noch djipper dal bringe. Wethâlder Ekhart fan finânsjes fan Ljouwert hopet dat kwetsbere groepen ûntsjoen wurde. De gefolgen fan de grutte koartings op bygelyks de sosjale wurkfoarsjenning binne neffens him no al hiel grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)