ONS Boso Snits wint fan Sparta Nijkerk

18 apr 2015 - 17:07
  • Chris de Wagt yn aksje

ONS Boso Snits pakte sneon wichtige punten yn de striid om liifsbehâld yn de topklasse troch mei 3-0 te winnen fan Sparta Nijkerk. Op eigen fjild fersulvere Chris de Wagt yn de 25e minút in hoekskop fan Martijn Roosenburg. Curty Gonzales soarge fuort dêrnei foar de 2-0, op 'e nij út in corner fan Roosenburg. Nei rêst makke ynfaller Rolf Dijk de tredde Snitser treffer en smiet dêrmei de wedstriid definityf yn it slot.

Troch de winst komt de ploech fan trainer Bert Hollander op 31 punten út 28 wedstriden.

ONS kin him oer twa wiken feilich spylje troch te winnen fan FC Lisse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)