Besunigings by Antonius sikehûs yn Snits

18 apr 2015 - 15:47

By it Antonius sikehûs yn Snits ferdwine mear as hûndert banen. Dêrby wurde twongen ûntslaggen net útsluten. Der moat bot besunige wurde om't minsken hieltyd minder lang yn it sikehûs lizze.

It Antonius wol binnen de eigen organisaasje of dêrbûten oar wurk sykje foar de meiwurkers. Dêrby wurdt ek sjoen nei de eigen thússoarchorganisaasje en soarchorganisaasje Kwadrant, mei wa't it Antonius in bestjoerlike fúzje wol. De meiwurkers wurde moandei op de hichte brocht.

Ut ûndersyk soe bliken dwaan dat de personielskosten yn it Snitser sikehûs heger lizze as yn ferlykbere sikehûzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)