SP skoot Michiel Schrier nei foaren as deputearre

18 apr 2015 - 15:25
  • SP
  • Michiel Schrier fan de SP

Michiel Schrier (1972) fan Drachtsterkompenije wurdt nei alle gedachten de nije SP-deputearre yn Fryslân. De partij skode him sneon op har regiokonferinsje nei foaren as kandidaat-deputearre. De SP sil mei CDA, VVD en FNP it nije kolleezje fan deputearre steaten foarmje.

Schrier is sân jier riedslid foar de SP yn Smellingerlân en is belutsen by de ûnderhannelingen oer it nije kolleezje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)