Fryske telers siedzje broukoarn foar whisky yn

18 apr 2015 - 13:45

In groep fan sa'n 30 Fryske en Grinzer telers hat de ôfrûne wike 300 bunder oan broukoarn foar Skotske whisky yn it sied set. Der wurdt hieltyd mear whisky dronken en de Skotske fabrikanten sykje nei ekstra kapasiteit.

Fia it bedriuw Holland Malt kamen de Skotten by Agrifirm telâne. Dy hat 30 telers frege om mei te wurkjen. Dy wiene entûsjast, mei om't it telen foar whisky mear jild opsmyt as foar bier. Ien fan de telers sit yn Furdgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)