Ljouwerter strjitte twad yn klimaatwedstryd

18 apr 2015 - 12:14

De 4e Saskiadwersstrjitte yn Ljouwert hat it twadde plak wûn yn de nasjonale 'HIER Klimaatstraatfeest'. De bewenners krigen 2.000 euro, dat se brûke sille foar in strjitfeest. Der dienen 2.292 strjitten yn Nederlân mei.

De wedstryd is foar de sânde kear hâlden en it giet der om watfoar strjitte it sunichst is mei enerzjy. De bewenners ha 55 aksjes hâlden fan oktober oant maart. Ien fan de aksjes wie de autoloaze wike. Fierder waarden hûzen isolearre en de termostaat gie omleech. Alles foar in better klimaat.

De bewenners krigen it goede nijs sneontemoarn te hearren. Se binne hiel wiis mei de priis, se hienen rekkene op in tredde priis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)