Rêdingsaksje om eilantsje It Gryn te behâlden as briedplak

18 apr 2015 - 11:39
  • Gryn

Natuermonuminten en Rykswettersteat sille yn 2016 oan de slach mei it Gryn. It eilantsje yn de Waadsee tusken Harns en Skylge driget troch ôfslach te ferdwinen. Yn de jierren tachtich is al in sânheak oanlein om it eilân te beskermjen, mar dêr falle hieltiid mear gatten yn.

Dêrom wurdt no in nije râne fan sân om it eilân hinne oanlein. Neffens Natuermonuminten is it ûnbewenne eilân te wichtich as briedplak foar allerhanne soarten fûgels om it ferdwine te litten. De rêdingsaksje kostet sa'n 2,5 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)