Swarte seehûn wurdt sneon wer útset yn de Waadsee

18 apr 2015 - 11:25
  • Swarte seehûn

De swarte seehûn dy't ein jannewaris ferwûne fan it Waad helle waard, wurdt sneon wer útset. Dat wurdt dien troch deselde Urker fisker dy't him ek fûn hat.

It bist is de ôfrûne tiid opfongen troch de seehûnekresj yn Pieterburen. It hie ûnder oare ferwûnings oan ien fan de poaten. De swarte seehûn wurdt frijlitten op in sânbank midden yn de Waadsee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)