Snitser follybalfroulju kinne snein lânskampioen wurde

18 apr 2015 - 11:21
  • De winst is binnen

De follybalsters fan Snits spylje snein yn de striid om it lânskampioenskip har tredde wedstryd tsjin Eurosped út Almelo. It giet om in searje fan 'best of five'. Omdat se de earste twa wedstriden wûn hawwe, kinne de Snitser froulju ûnder lieding fan trainer Petra Groenland snein de titel al binnen helje.

De wedstryd is yn Almelo. In bus mei Snitser supporters giet mei dy kant op. De wedstryd begjint om 18.00 oere en in liveferslach is by Omrop Fryslân op de radio te hearren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)