Pontsje by Suwâld fan freed ôf wer yn de feart

18 apr 2015 - 11:08
  • Pontsje by Suwâld

De Zonnepont oer it Prinses Margrietkanaal fan Suwâld nei Garyp giet nije wike wer yn de feart. Freed kinne minsken for it earst wer mei oer. Yn ferliking mei ferline jier fart it pontsje wat faker.

De earste moanne giet de pont op freed, sneon en snein, nei Pinkster fart er alle dagen tusken moarns tsien oere en middeis seis oere. Yn it fearhûs kinne pontsjefarders ek tee en kofje krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)