Nij havengebou yn Grou iepen mei wettersportseizoen

18 apr 2015 - 11:03

Yn Grou wurdt wurdt sneontejûn it nije havengebou offisjeel iepene. It jout ûnderdak oan it havenkantoar en der sitte ek dûsen en húskes yn foar boatsjeminsken. It gebou kin yn syn eigen elektrisiteit foarsjen, troch in tal sinnepanielen op it dak. De bou is mooglik makke mei jild út it Fryske Marreprojekt.

It wettersportseizoen wurdt sneon ek yn Grou iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)