Fryske golfbanen hâlde iepen hûs

17 apr 2015 - 20:52

De belangstelling foar de golfsport nimt ta, dat seit Andor de Geer fan golfklup Heidemeer op It Hearrenfean. Neffens him komt de groei omdat de ekonomy wer oanlûkt. Om noch mear golfers te lûken hâldt in grut tal golfbanen yn Nederlân dit wykein iepen hûs. Belangstellenden kinne dan fergees in baltsje slaan en krije ynformaasje oer de sport. Neffens De Geer is ek de belangstelling foar it iepen hûs grutter as oars.

Neist Heidemeer dogge yn Fryslân ek de golfbanen yn Koudum, Beetstersweach, Appelskea en Sint Nyk mei oan de aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)