"Tefreden oer jeugdsoarch, mar wol ferbetterpunten mooglik"

17 apr 2015 - 17:25

Wethâlder Thea Koster fan Ljouwert hat gjin sinjalen krigen dat yn Fryslân de tagong ta de jeugdsoarch net goed regele is. Koster seit dat as reaksje op in kritysk rapport fan berne-ombudsman Marc Dullaert.

De berne-ombudsman fynt dat de tagong ta de jeugdsoarch yn guon gemeenten net goed regele is en makket him dêr soargen oer. Thea Koster hat de yndruk dat dat yn Fryslân wol wat tafalt. Mar ek Koster sjocht ferbetterpunten: sa is it útgongspunt fan ien helpferliener foar ien jongere of ien húshâlding mei problemen noch lang net berikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)