Eksposysje oer de ljip yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld

17 apr 2015 - 16:10
  • Ljip

Yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld is fan snein ôf in útstalling te sjen oer de ljip yn de keunst. De eksposysje bestiet út skilderijen en bylden. De keunstwurken binne ôfkomstich fan twa samlers.

De iene hat de ôfrûne fyftich jier alles sammele dêr't in ljip op stiet. En de oare hat in grutte kolleksje keunst oer ljippen. Oanlieding foar de útstalling is in nij boek fan Pieter Breuker oer de ljip. De ljipútstalling yn it lânboumuseum duorret oant 1 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)