Frachtweinen fol grûn foar opheging Iselmardyk by De Lemmer

17 apr 2015 - 16:01
  • Wurksumheden op de Iselmardyk
  • Wurksumheden op de Iselmardyk
  • Wurksumheden op de Iselmardyk

De kommende trije jier ride der op De Lemmer yn it simmerseizoen tusken april en oktober alle dagen 180 frachtweinen ôf en oan mei klaaigrûn út Harns. De grûn is bedoeld om de Iselmardyk oer in stik fan fiif kilometer te ferstevigjen tsjin in stoarm, dy't ien kear yn de 4000 jier foarkomt.

Freed is offisjeel begûn mei de fersterking fan de dyk by De Lemmer. Yn trochsneed wurdt de dyk tusken de 50 en 150 sintimeter ferhege. Yn it winterskoft mei der fanwegen it stoarmseizoen en de feiligens fan de diken net wurke wurde.

It wurk oan de dyk by De Lemmer kostet goed 10 miljoen euro en makket diel út fan in kontinu ferbetteringsproses fan de Nederlânske diken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)