Beëdiging fan nij kolleezje fan deputearre steaten yn maaie

17 apr 2015 - 14:36
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

It nije kolleezje fan deputearre steaten kin op 20 maaie beëdige wurde. Dat ferwachtet CDA-lieder Sander de Rouwe. Ek it koalysje-akkoart fan de ûnderhanneljende partijen CDA, VVD, SPP en FNP kin dan presintearre wurde.

Opposysjepartijen meie fan formateur Geart Benedictus ien punt ynbringe dat sy graach yn dat akkoart hawwe wolle. De Feriening Fryske Gemeenten en de sintrumgemeente Ljouwert wurde noch útnoege foar in neier petear.

Dêrnjonken krijt de formateur tsientallen brieven fan Fryske organisaasjes mei dêryn fersiken m yn it nije belied op te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)