Fryske learlingen bestjoere trije dagen lang de provinsje

17 apr 2015 - 12:10
  • Frysk Jeugdparlemint 2015

It is freed de lêste dei fan trije dagen Frysk Jeugdparlement. Sa'n tachtich jongeren fan ferskate Fryske middelbere skoallen binne sûnt woansdei yn it provinsjehûs om sabeare de provinsje te bestjoeren. Bedoeling is dat de jongeren sa kennis meitsje mei de polityk.

Se prate oer ferskate ûnderwerpen, lykas de soarch, ekonomy, ferkear, kultuer of de Fryske taal. De learlingen wurkje ûnder oaren mei help fan steateleden oan konkrete foarstellen. Der is yn totaal 2500 euro beskikber om oannommen foarstellen ek werklik út te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)