Ljouwerter fan 14 jier oppakt foar stellen fan in fyts

17 apr 2015 - 11:06

In 14-jierrige jonge út Ljouwert is tongersdei oanhâlden foar it stellen fan in fyts. De jonge hie de fyts al op 10 febrewaris stellen út in fytsestalling fan it Friesland College oan de Julianaleane.

De plysjes werkenden de jonge fan kamerabylden dy't fan de stellerij makke wiene. De jonge hat bekend en mocht mei in proses-ferbaal yn 'e bûse wer nei hûs.

Trefwurden: 
Ljouwerter oppakt fytsedief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)