Snitser oppakt foar it bedriigjen fan syn buorfrou

17 apr 2015 - 11:00

Mei grutte muoite hat de plysje tongersdeitenacht in 37-jierrige Snitser oanhâlden foar bedriging fan syn 27-jierrige buorfrou. De man smiet fan it balkon fan syn hûs mei meubels nei syn hûn, dy't beneden op in gersfjild rûn.

Doe't de buorfrou der wat fan sei, begûn de man nei har te razen. Hy rûn nei har foardoar ta en bedrige har. Doe't de plysje him oanhâlde woe, fersette de man him en misledige hy de aginten. De man is fêstsetten yn de sel. De hûn naaide út en is noch spoarleas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)