Sjefkoks organisearje benefytlunsj foar nij 'Filearlokaal'

17 apr 2015 - 10:54

Trije Fryske sjefkoks wolle har mei in benefytlunsj ynsette foar in nij saneamd 'Filearlokaal' yn Lauwerseach. Dêr kinne minsken leare hoe't se fisk ferwurkje moatte dy't yn de regio fongen wurdt. It giet derom sa min mooglik fan de fisk wei te smiten.

It Filearlokaal heart by restaurant 't Ailand fan it kollektyf Goede Vissers. De benefytlunsj is op 3 maaie yn restaurant Wannee yn Ljouwert. Njonken de kok fan Wannee dogge ek de koks fan De Waard van Ternaard en Eindeloos út Ljouwert mei.

De inisjatyfnimmers wolle mei it filearlokaal fiskers en fiskiters tichter byinoar bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)