Achlumlêzing: Twifels oer partisipaasjemienskip

17 apr 2015 - 08:47
  • De lêzing is yn de tsjerke fan Achlum

Nederlanners hawwe grutte twifels oer de partisipaasjemienskip. In mearderheid fan 75 prosint fynt dat de oerheid syn eigen ferantwurdlikheid hat en dy net ôfskowe kin op de boargers. Dat docht bliken út ûndersyk dat soarchferserkerder Achmea útfiere litten hat.

Solidariteit yn Nederlân is freed it tema fan de Achlumlêzing dy't Achmea organisearret. Generaal-bûten-tsjinst Peter van Uhm is de haadsprekker. De Achlumlêzing is fan 12.00 oant 13.10 oere te folgjen op Omrop Fryslân televyzje en ynternet.

Dêrnei giet de útstjoering noch oant sawat 13.45 oere troch op ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)