Konferinsje oer nije Fryske wurden: jakûzy of brûsbad?

De Fryske Akademy docht freed ynspiraasje op foar in nij Frysk wurdboek. Op in ynternasjonaal kongres wurdt praat oer lienwurden út oare talen. Hoe sette je bygelyks it wurd jacuzzi oer yn it Frysk? Wurdt dat brûsbad of jakûzy? En wurdt kipschnitzel hinneschnitzel? It no ynboargere Fryske 'telefoan' wie ea ek in lienwurd út in oare taal.
Wittenskippers út ûnder oare Wales, Estlân en Baskelân hâlde lêzings oer hoe't it by harren giet. De útkomsten fan de diskusje wurde brûkt foar it gearstallen fan in nij Nederlânsk-Frysk wurdboek.