Generaal Tom Middendorp bringt besite oan ROC Friese Poort

16 apr 2015 - 23:22

Generaal Tom Middendorp, de Commandant der Strijdkrachten, bringt nije wike in besite oan de ROC Friese Poort yn Ljouwert. Hy sil dan mei studinten fan de stúdzje Feiligens en Fakmanskip prate oer harren oplieding en oer in tal maatskiplike en etyske ûnderwerpen.

Generaal Middendorp begjint syn wurkbesite yn styl. Hy komt mei in Cougar-helikopter nei de skoalle ta. De learlingen kinne oan de ein fan de middei yn in saneamde 'college tour' fragen stelle oan de kommandant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)