Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân ferdielt ton oan stipe

16 apr 2015 - 17:13

It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân hat hast in ton subsydzje takend oan 48 Fryske kultuer- en natoerprojekten. Sa krije bygelyks de Fryske Miljeufederaasje, stichting Avifauna Fryslân en de Vlinderstichting allegearer 5000 euro foar natoerprojekten. It Ljouwerter festival Welcome to the Village hat ek 5000 euro tasein krigen.

Fierder krijt muzykferiening De Bazuin út Oentsjerk in bydrage fan 7500 euro. Mei dit jild kin de feriening dielnimme oan it Europeeske Brassband Kampioenskip yn Dútslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)