Fryske boargemasters optimistysk nei krimpdebat

16 apr 2015 - 15:44

De krimpstatus kin Noardeast-Fryslân net mear ûntgean. Dy konklúzje lûke de Fryske boargemasters dy't tongersdei it debat oer de krimp yn de kommisje Wonen en Rijksdienst yn de Twadde Keamer bywennen. Minister Stef Blok is gjin foarstanner fan de krimpstatus foar Noardeast-Fryslân. Hy fynt dat it ynwennertal net hurd genôch achterútbuorket.

By ferskate partijen yn de Twadde Keamer is foldwaande stipe foar de krimpstatus, tinkt boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel. Under oare CDA en PvdA sprutsen har hjirfoar út.

De PvdA kundige ek in moasje oan dy't bepleitet dat Noardeast-Fryslân offisjeel oanwiisd wurdt as krimpregio. Noardwest-Fryslân krijt de status 'anticipeer-regio'. Anticipeer-regio's binne streken dy't krimpregio driigje te wurden. Dizze regio's komme yn de beneaming foar stipe en beliedsmaatregels fan it Ryk om te foarkommen dat se achterútbuorkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)