41 frachtweinsjauffeurs bekeurd

08 okt 2004 - 12:31

By in grutte transportkontrôle by Terwispel hat de plysje tongersdei 41 prosessen-ferbaal opmakke. Meiinoar waarden der sa'n 150 frachtauto's kontrolearre. Der waard foaral sjoen nei saken as it ferfieren fan ôffal en gefaarlike stoffen en nei kuolauto's.

Der waarden prosessen-ferbaal opmakke foar it ferkeard ferfieren fan gefaarlike stoffen en it net hawwen fan 'e goeie ferfiersdokuminten. Der wie ek ien sjauffeur sûnder diploma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)