Warskôging foar gefaarlike tatoeaazjeinket

16 apr 2015 - 13:55

De kampanje 'Think before you ink' fan de Nederlandse Voedsel en Waren Autoriteit is in earste stap om de minne apels út de tatoeaazjewrâld op te spoaren. It probleem wurdt der net mei oplost, seit Richard Langenberg fan Tattoo Richard op de Tunen yn Ljouwert. Ien fan de problemen is dat guon tatoearders stoffen brûke dy't ta kanker liede kinne. De NVWA hat dêrom in list makke mei feilige tatoe-shops.

Neffens Langenberg is dy list in moai begjin, mar moat de NVWA mear dwaan om de minne tatoearders oan te pakken.

Sa soe de NVWA mear en hegere boetes útdiele moatte, fynt de Ljouwerter.

Trefwurden: 
NVWA Tattoo Richard tatoeshop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)