Frou krijt taakstraf foar feroarsaakjen ûngelok Sint-Nyk

De frou (58) út Sint-Nyk dy't yn augustus ferline jier yn har wenplak twa jonges oanried, hoecht net de sel yn. De frou krijt 240 oeren taakstraf. Ek mei se twa jier net autoride. De frou kaam ta har die, omdat de jonges geregeld har hûnen narren, ferklearre se foar de rjochtbank. Ien fan beide jonges rekke slim ferwûne. Hy bliuwt blyn oan ien each.
Neffens de rjochter kin net bewiisd wurde dat it om poging ta deaslach giet. De fertochte wie net by de útspraak oanwêzich.
De frou soe neffens it ûndersyk ferkearsanalyze snelheid mindere hawwe by it achterfolgjen fan de jonges. De poging ta deaslach kin sadwaande net bewiisd wurde, fynt de rjochter. De frou is wol skuldich oan ûnfoarsichtich autoride en hat neffens de rjochter ek in ferkearsflater makke. It narjen fan hûnen is gjin rjochtfeardiging foar gefaarlik rydgedrach, heakke de rjochter hjir oan ta. De frou krige njonken de taakstraf ek fjouwer moanne selstraf op betingst oplein mei in proeftiid fan trije jier.