Epke Zonderland mist rekstôkfinale troch fal op EK

Epke Zonderland foel op it EK yn Frankryk fan de rekstok © ANP
Epke Zonderland hat him by it EK turnjen yn it Frânske Montpellier net pleatst foar de finale oan de rekstôk. Dat betsjut dat er syn titel op it ûnderdiel net hânhavenje kin. Zonderland foel tongersdei by de kwalifikaasjewedstriden en einige dêrtroch net by de bêste acht. Dy pleatse harren foar de finale.
Zonderland makket noch wol kâns op in finaleplak op de brêge. Dêr stiet er op dit stuit op it fjirde plak, mar dêr is de kwalifikaasjewedstryd noch net dien.