Sweachster bosken opknappe as 'levend landgoed'

16 apr 2015 - 11:52

De omjouwing fan de bûtenpleatsen fan Beetstersweach en Olterterp moat opknapt wurde, want de bosk en oare stikken natuer lizze der op it stuit fertutearze by. It is it doel dat trijetûzen bunder oan parken, bosken en paden yn âlde gloarje wersteld wurde. Om dat foarinoar te krijen begjint tongersdei it projekt Levend Landgoed.

Dat projekt is bedoeld om frijwilligers te krijen dy't helpe om de bûtenpleatsen op te knappen. Ek wurdt besocht om dêr jild foar byinoar te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)