Twa fytsedieven oanhâlden yn Ljouwert

16 apr 2015 - 11:33

De plysje hat woansdeitemiddei yn Ljouwert twa manlju oanhâlden foar fytsestellerij. De tip kaam fan in tsjûge. Dy seach de manlju oan it wurk doe't se oan Gerbrandywei besochten om in fytsslot iepen te brekken mei in stok. De plysje betrape de Berltsumer (44) en de Ljouwerter (45) doe't se mei de stok mei de fyts oan de gong wiene.

De griis-oranje Batavus-fyts, dêr't se mei oan it pielen wiene, is yn beslach naam. De plysje is noch op syk nei de rjochtmjittich eigener fan de fyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)