Trije motorriders ferwûne by ûngelokken

16 apr 2015 - 10:17

Trije motorriders binne woansdei ferwûne rekke by ûngelokken. In 59-jierrige motorrider út Aldeholtpea waard op de Om den Noort yn Wolvegea skept troch in 31-jierrige automobilist út Easterwâlde.

In man fan 24 jier út Alkmaar kaam yn botsing mei in 79-jierrige automobilist út Nieuwe Pekela. Dat barde op de Stellingenwei yn Aldeberkeap. By it tredde ûngelok gie in motorrider (47) út Grins ûnderút op de Hegebuorren by Holwert. Alle trije slachtoffers hienen ferwûnings oan it skouder.

Trefwurden: 
ûngelok Wolvegea motorrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)