Lemster thús mei geweld oerfallen

16 apr 2015 - 09:59

In man fan De Lemmer is woansdeitejûn yn syn wenning oan de Intang mei geweld oerfallen troch twa manlju. Om alve oere jûns waard der oanbelle. Doe't de man iepen die, waard it slachtoffer it hûs yntreaun en mishannele. Ek hawwe de twa oerfallers de Lemster bedrige.

It is noch net dúdlik oft de manlju wat meinaam hawwe. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje hat noch om de oerfallers socht, mar koe se oant no ta net fine. De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de oerfal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)