Grutte brân yn pleats by De Lemmer

16 apr 2015 - 07:52

Op in pleats oan de Plattedyk op De Lemmer is tongersdeitemoarn in hiel grutte brân útbrutsen. De brânwacht meldt dat it om in útslaande brân giet wêrby't mooglik ek asbest frijkaam is.

Nei alle gedachten stean der sa'n pear hûndert kij en keallen yn de stâl fan de pleats. De brânwacht giet mei meardere weinen wêrûnder in grutwettertransport te plak. De ferkearsynformaasjetsjinst meldt dat ferkear op de N359 mooglik lêst hawwe kin fan de reek troch de brân.

Trefwurden: 
De Lemmer brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)