Fryske Twitterdei foar de fjirde kear hâlden

16 apr 2015 - 07:10

It is tongersdei de fjirde Fryske Twitterdei. Ferline jier wie de dei in grut sukses: #Frysk en #FryskeTwitterdei stienen hast de hiele dei tusken de meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter. Yn totaal binne der dy dei 6.438 unike tweets ferstjoerd #Frysk út mear as 25 lannen, fan Japan oant Amearika.

De Fryske Twitterdei hat as doel om minsken dy't it leuk fine ris in berjochtsje yn it Frysk skriuwe te litten. Neist bekende Friezen dogge ek hieltyd mear bedriuwen en ynstellings mei oan de Fryske Twitterdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)