Harkemase Boys nei winst heale bekerfinalist

15 apr 2015 - 22:52
  • Arton Musliu

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hie woansdeitejûn op sportpark De Bosk de hannen fol oan sneinshaadklasser Achilles 1894 út Assen, mar troch de 3-2 oerwinning is de ploech fan De Harkema heale noardlik bekerfinalist. Boppedat is de ploech wis fan dielname oan it grutte KNVB bekertoernoai foar it nije seizoen. De thúsploech kaam op foarsprong troch in poeier fan Raymond Bolt, mar fergeat dêrnei de kânsen te fersulverjen. Nei de 1-1 waard it mei in moaie folly fan Arton Musliu 2-1 en ek wer 2-2. Joram Smits waard matchwinner mei de 3-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)