Spotters blokkearje dyk nei spottersbult by Marsum

15 apr 2015 - 22:18

De fleantúchspotters by Marsum, dy't fan tichtby de oefening Frisian Flag folgje wolle moatte der rekken mei hâlde dat de dyk nei de saneamde spottersbult fan tongersdei ôf ticht is. Reden is dat der woansdei safolle belangstelling wie fan spotters dat de dyk nei de bult hielendal ticht siet troch it ferkear. Dat betsjutte ek dat de helptsjinsten der net lâns koene.

Dêrom ha de gemeente Menameradiel en de feiligenstsjinst fan de fleanbasis besletten om de dyk oan de ein fan de oefening ta ôf te sluten foar alle ferkear.

De plysje en de maresjesee sille der op tasjen. Spotters moatte dus rinnende nei de spottersbult ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)