Follybalsters Snits kinne snein al lânskampioen wurde

De follybalsters fan Snits ha woansdeitejûn ek de twadde wedstryd yn de finalerige om it lânskampioenskip tsjin Eurosped út Almelo wûn. It waard yn Snits krekt as yn de earste wedstryd 3-0. Dêrmei stean de froulju fan Snits op in 2-0 foarsprong yn in searje 'best of 5'.
De earste set waard wûn mei 25-16. Yn de oare beide sets waard it 25-15. No snein kin follybalklup Snits by winst yn Almelo al kampioen wurde.