Dûmny Bottenbley wol nei ôfskied fan Bethelsjerke coache

De populêre dûmny Orlando Bottenbley wol nei syn ôfskied fan de Betheltsjerke yn Drachten yn septimber takom jier oare tsjerken coache om in nij publyk oan te sprekken. Bottenbley hat tiisdei witte litte yn 2016 nei 28 jier op te hâlden mei syn wurk by de Betheltjerke. Neffens Bottenbley binne in soad tsjerken noch fierstente tradisjoneel. Se missen de krêft om de net tsjerkegongers te berikken. Bottenbley wol sykje nei nije manieren om dy minsken nei de tsjerke te krijen.