Jonge bedriget learaar mei mes yn Riis

Op de skoalle de Witakker yn Riis is woansdei in 42 jierrige learaar bedrige troch in learling. De 16 jierrige jonge út Snits kaam mei in mes op skoalle. De Witakker is in skoalle dy't falt ûnder Renn4. Dêr sitte bern op mei slimme gedrachsproblemen. De leararen binne wol wat wend, mar yn dit gefal is de plysje warskôge. Dy hawwe de jonge meinaam nei it buro. Dêr is er heard en is proses-ferbaal tsjin him opmakke. Dêrnei hawwe syn âlden him meinaam nei hûs. It mes is troch de plysje yn beslach naam.
Neffens de provinsjaal direkteur fan Renn4 kin de jonge net weromkomme op de skoalle yn Riis. It ynsident sil noch mei it team en de oare learlingen bepraten wurde.