Skylge nek-oan-nek yn race bêste kuiergemeente

Skylge stiet op dit stuit op it earste plak by de ferkiezing fan kuiergemeente fan it jier 2015. It is woansdei de lêste dei dat der by dy ferkiezing stimd wurde kin. Skylge krige oant no ta 48 prosint fan de stimmen, wylst Eijsden-Margraten op nûmer twa stiet mei hast 47,3 prosint.
Op it tredde plak stiet Noordwijkerhout, mar dy gemeente makket mei mar 15 prosint gjin kâns mear op de winst. De ferkiezing is in inisjatyf fan de Wandelkrant.