Nij topstik foar keramykmuseum Princessehof

15 apr 2015 - 16:07
  • Direkteur Saskia Bak is dúdlik út de skroeven mei it nije topstik

It Ljouwerter keramykmuseum Princessehof hat der in nij topstik by. It giet om in kleurryk Sineesk porsleinen byld fan 42 sintimeter heech. It is in byld fan in Westerske frou yn Europeeske klean. Der binne mar tolve fan sokke bylden op de hiele wrâld. Trije dêrfan binne yn it besit fan musea.

It Princessehof hat it byld yn brûklien krigen fan in anonime Fryske samler. Fan freed ôf kinne besikers it keunstwurk besjen yn it keramykmuseum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)