Crone rop eltsenien op om te flagjen op 4 en 5 maaie

15 apr 2015 - 15:51

Boargemaster Ferd Crone ropt de ynwenners fan Fryslân op om op 4 en 5 maaie massaal de flagge út stekken. Dy oprop komt fan it Befrijingfestival Fryslân. Dat sil dit jier wiidweidich stilstean by de befrijing fan 70 jier lyn. Der komt in ferskaat oan festiviteiten. Op 4 maaie wurdt op it Saailân in grut betinkingskonsert hâlden; op 5 maaie is der in grut moarnsbrochje foar minsken dy't kwalik mear har hûs útkomme.

Alde legerfoertugen ride op 5 maaie in rûte dwers troch Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)