Feteranemoeting op Fryske befrijingsdei
Foarôfgeand oan it defilee fan it Fryske Johan Willem Frisobataljon op it Saailân yn Ljouwert wie der in byienkomst foar feteranen. Te gast wiene net allinnich feteranen fan de wrâldoarloch, mar ek Unifil-, Ynje- en oare feteranen.
Op de Fryske befrijingsdei komme sy byinoar om ferhalen út te wikseljen en om de bân mei it Fryske bataljon yn stân te hâlden.