Bern yn sikehuzen ferrast troch Bear Boeloe mei taart

Bern yn ferskate Fryske sikehuzen binne woansdei ferrast mei in stikje oranjekoeke. It gebak waard persoanlik útdield troch Bear Boeloe fanwege it 20 jierrich bestean fan it berneprogramma. De bear fan Skiermûntseach gie del by it Antonius sikehûs yn Snits, Nij Smellinghe yn Drachten en it Ljouwerter MCL.
Alle bern yn Fryslân kinne oant en mei sneon fergees in stikje oranjekoeke helje by dielnimmende bakkers. Foar bern dy't yn it sikehûs lizze, is dat fansels lestich. Sadwaande kaam Bear Boeloe sels del.