Frysk bataljon Johan Willem Friso marsjearret troch Ljouwert

It Fryske bataljon Johan Willem Friso marsjearret woansdeitemiddei wer troch de strjitten fan Ljouwert. It giet om de jierlikse rezjimintsdei fan it 44-ste pantserynfanterybataljon. Dat wurdt tradisjoneel dien op 15 april, de dei fan de Fryske befrijing.
Dat is neffens overste Stam gjin tafal. It bataljon fynt it betinken fan de 70e befrijingsdei tige wichtich. It bataljon fynt it ek fan belang om geregeld yn Fryslân te wêzen om sa de bân mei it heitelân te fersterkjen.