Fryske plysje teloarsteld oer útspraak rjochter

15 apr 2015 - 12:49

De plysje is teloarsteld yn de útspraak fan de rjochter. Dy bepaalde woansdeitemoarn dat de plysje tongersdei by de ynternasjonale cybertop yn Den Haach gjin aksje fiere mei foar in bettere CAO. De nasjonale feilichheid soe neffens de rjochter yn it geding wêze.

Aksjekoördinator Anne Louwsma fan de plysje Fryslân, hat syn twifels oer de útspraak. De plysje beriedt him no op oare aksjes, dy't wol tastien binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)