Frjentsjerter rydt yn stellen auto

Plysje © ANP
De plysje hat in 57-jierrige Frentsjerter oanhâlden as fertochte fan it stellen fan in auto. De plysje seach tiisdei in auto stean yn de berm lâns de N31 by de Heak om Ljouwert. Ut kontrôle die bliken dat de auto stellen wie. Tsjûgen joegen in sinjalemint oan de plysje fan de man dy't de auto dêr delset hie. Mei help fan dat sinjalemint koe de plysje de man oanhâlde.
Hy joech earst in falske namme op en krige dêrfoar in boete. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk. De auto is yn beslach naam.